Fleantúchje delstoart

Delstoart fleantúch by De Rottefalle (foto: Jaring Rispens)
In lyts fleantúchje mei twa ynsitters is sneintemiddei delkaam yn in greide by De Rottefalle. Sawol de 42-jierrige piloat út Drachten as syn 71-jierrige heit rekken net ferwûne. Se koene it fleanfjild fan Drachten net mear berikke neidat de motor dermei ophâlde.
By de needlâning rekke it fleantúch swier skansearre. De piloat hie alle papieren om fleane te meien. De oarsaak fan de motorproblemen is noch net bekend.