Frou fermoarde yn Frjentsjer

De plysje hat it terrein by Froonacker ôfset
Yn Frjentsjer is sneintemoarn it lichem fan in 69-jierrige frou fûn yn serviceflat Froonacker. De frou is fermoarde. Seksje moat útwize hoe't se krekt om it libben brocht is.
De plysje docht grutskalich ûndersyk en it terrein is ôfset. Der wurde tritich resjersjeurs ynset. Ek it Nederlands Forensisch Instituut docht ûndersyk. De plysje hat de middeis ek noch in speurhûn en in helikopter ynset. Sneintejûn is úteinset mei in buertûndersyk.