Dollison wint Merenloop

De 40ste edysje fan de Merenloop yn Grou is wûn troch Merwin Dollison. De Winsumer hie nei 14 swiere kilometers 1 minút en 17 sekonden foarsprong op Rudi van der Lelie út Jobbegea. Jan Jouke Vos fan It Hearrenfean kaam wer 25 sekonden letter as tredde oer de einstreek..
Rapste frou wie Yvonna Tinga út Boalsert. Sy hie in foarsprong fan 35 sekonden op nûmmer twa op Lydia Klessens út Ljouwert. Inge van Schaick ek út Ljouwert waard tredde.