Snits Wyt Swart-De Jouwer 2-2

14 mrt 2010 - 16:33

De Fryske twadstriid yn de sneinshaadklasse tusken Snits Wyt Swart en De Jouwer is einige yn in 2-2 lyk spul. De wedstriid sette spektakulêr út ein. De Jouwer kaam binnen trije minuten op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Sido Oosterhof. Trije minuten letter wie 1-1 troch Freerk de Jong.

Bizimana soarge foar de 2-1 foarsprong foar de Snitsers. It wie ynfaller Erwin IJdel dy't yn de 90ste minút de lykmakker op it skoareboerd sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)