Drachtster mei mes oppakt

14 mrt 2010 - 14:45

In 21-jierrige Drachtster is sneontenacht yn syn wenplak oanholden foar mislediging. Plysjes seagen dat de man op de Súdkade risselwaasje makke om te pisjen en sprutsen him dêrop oan. De man wegere him te legitimearjen en fersette him ek tsjin it fûllearjen.

Doe't er dêrnei oanholden waard, misledige er ien fan de plysjes en spuide er nei in oar. By it fûllearjen die bliken dat de man in mes by him hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)