Snitser slacht oare man
Yn Ljouwert hat de plysje sneontenacht in 19-jierrige Snitser oanholden foar mishanneling. De plysje krige melding dat yn de Doelesteech fjochterij wie. Se seagen dat de Snitser in pear kear in oare man sloech.
De Snitser waard oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo. It slachtoffer woe gjin oanjefte dwaan. Nei ferhoar mocht de fertochte wer fuort. Hy krige proses-ferbaal.