Nije tsjinstregeling Qbuzz

14 mrt 2010 - 09:31
  • Mear ritten troch Qbuzz

Busmaatskippij Qbuzz komt fan snein ôf mei in fernijde tsjinstregeling. It nije busboekje telt 100 ritten mear yn de wike.

Der komt bygelyks in geregelder ferbining tusken Ljouwert en Drachten, trochdat de tiden fan lijn 14 ôfstimd wurde op dy fan de Qliner 320. Lijn 11 Bûtenpost-Drachten-Akkrum sil moarns better oanslute op de treinen yun Akkrum, nei It Hearrenfean en Ljouwert. Minsken hoege dan minder lang op de trein te wachtsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)