Lintsje foar brânwachtlju

14 mrt 2010 - 08:40

Twa manlju fan de frijwillige brânwacht yn Opsterlân ha sneon in keninklike ûnderskieding krigen. Lambertus de Jong en Klaas Jan Smith, beide fan De Gordyk, ha fan 1989 ôf frijwilliger west en waarden dêrom beneamd ta Lid in de Orde van Oranje Nassau.

Boargemaster Ravestein rikte de lintsjes út, op de nijjiersresepsje fan de brânwacht. Normaal is dy yn jannewaris, mar koe doe net trochgean fanwege it winterwaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)