Havard Bøkko wint 5.000 meter

13 mrt 2010 - 17:41

By de wrâldbekerfinale reedriden op Thialf is Havard Bøkko sneon winner wurden fan de 5000 meter. De Noar klokte in tiid fan 6.20.52. De oare Noar Sverre Haugli einige as twadde yn 6.21.49. Ivan Skobrev út Ruslân waard tredde yn 6.23.24.

Bøkko wûn ek it einklassemint. Carl Verheijen hat sneon syn karriêre ôfsletten. Hy einige op de fiif kilometer as tsiende. Olympysk kampioen Sven Kramer hie him troch sykte ôfmelden foar de wrâldbeker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)