Winst Harkemase Boys yn Assen

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat sneon yn Assen mei 1-0 wûn fan ACV. Yn de strieminne earste helte waard net skoard. Yn de twadde helte wie Harkemase Boys de bettere ploech. It wie Jelmer Slager dy't yn de 64ste minút de 1-0 op it skoareboerd sette. Troch in blunder fan de keeper koe Slager de winnende treffer meitsje.
Harkemase Boys hat no 30 punten út 15 wedstriden. De Harkiten steane no op it twadde plak. Excelsior '31 is koprinner mei 35 út 16.