Stroomsteuring yn Thialf

© Omrop Fryslân
De fiif kilometer foar manlju by de finale fan 'e wrâldbekerwedstriden op Thialf begûn sneon letter as de bedoeling wie. Direkt nei de priisútrikking fan de 1500 meter foar froulju ûntstie der in stroomsteuring op it middenterrein. Pas neidat dy ferholpen wie koe de 5 kilometer los.
Op Thialf wurdt dit wykein de finale fan de wrâldbekerwedstriden ferriden.