Boer 7de op 1500 meter

13 mrt 2010 - 15:19

Margot Boer fan Grou is by de wrâldbekerfinale reedriden op It Hearrenfean sneon sânde wurden op de 1500 meter. Sy waard dat yn in tiid fan 1.59.05. De Kanadeeske Kristina Groves wûn de 1500 meter yn 1.58.15.

Martina Sábliková út Tsjechië pakte it sulver yn 1.58.27. It tredde plak wie foar de Kanadeeske Brittany Schussler yn in tiid fan 1.58.60. Diane Valkenburg waard fjirde. Kristina Groves wûn de wrâldbeker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)