Smeekens wint 500 meter

© Omrop Fryslân
Jan Smeekens fan Snits hat sneon by de wrâldbekerfinale op Thialf ek de twadde 500 meter op syn namme skreaun. Yn de rit tsjin Ronald Mulder kaam Smeekes oer de streek yn in tiid fan 35.05. Mulder waard twadde yn 35.19.
Akio Ohta út Japan pakte it brûns yn 35.35. Yn it einklassemint is Jan Smeekens mei 742 punten op it twadde plak einige nei de Amerikaan Tucker Fredricks. It wie foar Smeekens al wer syn fjirde wrâldbeker-oerwinning fan it seizoen.