2 Fryske teams by Homeless Cup

13 mrt 2010 - 13:52

Der dogge dit jier twa Ljouwerter teams mei oan de Dutch Homeless Cup, it fuotbaltoernoai foar dakleazen. It giet om in team fan it Leger des Heils en ien fan opfangorganisaasje Zienn.

It fuotbaltoernoai foar dakleazen wurdt foar de tredde kear hâlden. It giet dêrby net allinne om de sportive prestaasjes, mar ek om mear omtinken te krijen foar dakleazen. It toernoai is sneontemiddei útein set yn Eindhoven en krijt de kommende wiken in ferfolch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)