Grouster stalker(74) oanhâlden

In Grouster (74) hat bekend jierrenlang in echtpear yn syn wenplak lestich fallen te hawwen. Hy goaide ûnder oare ôffal yn harren tún en ferskode dakpannen, sadat der lekkaazje ûntstie. Ek fernielde er oare saken. Foar it echtpear wie dat reden om nei in oar plak te ferhuzjen.
De plysje koe de Grouster begjin dizze wike oanhâlde, neidat it echtpear yn desimber oanjefte dien hie. De man hat yntusken bekend, hy sei him te steuren oan it feit dat de Grouster net wurke.