CDA: gjin kamping by Nannewiid

13 mrt 2010 - 13:40
  • De súdkant fan it Nannewiid. Op dizze lokaasje komt gjin kamping.

It CDA yn Skarsterlân wol dat in ûndersyk nei de helberens fan in kamping oan de súdkant fan it Nannewiid stopset wurdt. It CDA is net langer foarstanner fan in kamping no't it mei de FNP sa goed as wis yn nij kolleezje fan boargemaster en wethalders foarmje sil. It FNP is fûl tsjin it rekreaasjeplan.

Ynearsten wie it CDA yn Skarsterlân postityf oer it plan fan Roelof Speelman oer, mar de partij hat dat stânpunt no bysteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)