Snitser drugsdealer oppakt

13 mrt 2010 - 12:49

De plysje fertinkt in Snitser (20) fan it leverjen fan drugs oan learlingen fan in skoalle foar fuortset ûnderwiis yn syn wenplak. De saak kaam oan it ljocht doe't de skoalle de plysje warskôge dat der famkes wiene dy't drugs brûkten en dêrtroch min prestearden op skoalle.

Ut plysje-ûndersyk die bliken dat de famkes de drugs krigen fia de Snitser. Dy helle de drugs foar harren yn de pleatslike kofjeshops. De Snitser waard begjin dizze wike oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)