Iepen dei by REC yn Harns

13 mrt 2010 - 12:13

De iepen dei by de reststoffe-enerzjysintrale dy't ôffalferwurker Omrin sneon yn Harns organisearret lûkt in soad minsken.

Twahûndert ynteressearren krije de kans om de REC te besjen. De ôffaloven is noch lang net klear, mar ûnder begelieding fan meiwurkers fan Omrin meie de minsken yn lytste groepkes troch de bou kuiere. Alles is goed sichtber omdat de muorren noch net om de ynstallaazjes hinne stean. Se krije ynformaasje en kinne fragen stelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)