Skriezen mei stjoerder werom

13 mrt 2010 - 11:53

De fiif Fryske skriezen dy't ferline maitiid in stjoerderke mei krigen, binne op de weromreis fan har reis nei Afrika. Foarsafier se noch libje, want net eltse skries hat dit aventoer oerlibbe. It projekt is útfierd troch de universiteit Grins yn gearwurking mei ekologysk ûndersyksburo Altenburg en Wymenga yn Feanwâlden.

Troch de fûgels te folgjen ha de ûndersikers no in better byld oer hokker bûtenlânske natoergebieten wichtich binne foar de skriezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)