Sylskoalle wer it wetter op

13 mrt 2010 - 11:48

Sylskoalle Krekt Sailing fan Langwar giet der sneon mei in tal boaten op út. De sylskoalle fynt dat it marris dien wêze moat mei de winter. Ornaris farre de earste boaten net earder út as at de temperatuer wat heger leit.

Mar omdat dat de minsken fan de sylskoalle te lang duorre, woene se dêr net op wachtsje. Sneon om healwei alven binne de earste boaten it wetter opgien. Krekt Sailing stelt de boaten en ynstrukteurs beskikber. Meidwaan is fergees.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)