Kâns op jonge otters nimt ta

13 mrt 2010 - 10:04

De kâns dat der rûnom yn Fryslân otters berne wurde nimt hieltyd mear ta. Dat komt omdat nei de mantsjes no ek hieltyd faker wyfkes bûten de útsetgebieten te finen binne. Sa wurde se ûnder oare sjoen yn natuergebiet De Deelen en yn súdwest-Fryslân.

Neffens Hugh Jansman fan it otterprojekt is Fryslân klear foar de komst fan mear otters. Wol foarmje de netten fan fiskers noch in gefaar, krekt as sneldiken lykas de A6 by De Lemmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)