SC Cambuur wint fan Dordrecht

Mark de Vries makke twa doelpunten
SC_Cambuur hat him goed hersteld fan de tik dy't it ôfrûne moandei krige fan De Graafschap. Yn eigen hûs waard Dordrecht mei 3-0 ferslein. Dy stân stie al by it skoft op it boerd. De Ljouwerters wiene oppermachtich en it wie in wûnder dat it by trije goals bleau. Nassir Maachi en Mark de Vries (2 kear) soargen foar de doelpunten.
De twadde helte hie ek skriftlik ôfdien wurde kind. SC Cambuur hoegde net mear, Dordrecht hie neat yn te bringen en dêrtroch bleau it by 3-0.