Twa finales Epke Zonderland

12 mrt 2010 - 21:30
  • Epke Zonderland (argyffoto)

Epke Zonderland hat him yn Cottbus by de earste wrâldbekerwedstriden fan it nije seizoen pleatst foar de finales op de beide tastellen dêr't er oan meidie. Oan it rek waard er tredde mei 15.000 punten. De Dútser Philipp Boy waard earste mei 15.550 foar de Japanner Takuya Niijima mei 15.100.

Op de brêge waard Zonderland sechsde mei in skoare fan 14.950. De Oezbeek Anton Fokin hie mei 15.400 de measte punten. Zonderland wurdt begelaat troch broer Herre en Willem Veldman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)