It Houtsje wer even iepen

12 mrt 2010 - 20:21

It ferneamde reedrydkafee It Houtsje op It Hearrenfean is foar seis dagen iepen. Eins bestiet It Houtsje net mear nei in brân yn 2009. As alles goed giet komt der in nij kafee werom, mar safier is it noch net.

No't der riden wurdt op Thialf fûn eigner Tom Mulder it eins net kinnen dat it Houtsje der net wie, dus waard der in tydlike oplossing fûn. Oer de restanten fan it kafee is in tinte delsetten. Sa kinne de fêste gasten wer even te plak om it riden te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)