Yvonne Nauta 12e yn tuskenstân

12 mrt 2010 - 19:59

Reedrydster Yvonne Nauta fan Twellingea stiet nei de earste dei fan it wrâldkampioenskip junioaren op it tolfde plak. Yn Moskou waard se 22ste op de 500 meter yn 41,21. De 1500 meter gong yn 2.02,27, goed foar it sânde plak. Lotte van Beek is nei de earste dei de liedster fan it klassemint. Van Beek wûn mei oermacht de 1500 meter yn 1.57,95.

Sneon stean de 1000 en de 3000 meter op it programma. Snein is noch de ploege-achterfolging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)