Shani Davis in klasse apart

Shani Davis (foto: KNSB)
Shani Davis hat wer ris sjen litten dat er fierwei de bêste is op de 1500 meter. De Amerikaan, dy't Mark Tuitert op de Olympyske Spelen net ferslaan koe, ried 1.45,20. De Kanadees Denny Morrison waard yn 1.46,12 twadde, Kjeld Nuis ferrassend tredde yn 1.46,61 en Mark Tuitert fjirde yn 1.46,67.
Davis waard foar de tredde kear op rige winner fan de wrâldbeker op de 1500 meter. Ferline wike hie er dy beker op de 1000 meter ek al wûn.