Jan Smeekens wer de rapste

Jan Smeekens (foto: KNSB)
Jan Smeekens hat opnij taslein op de 500 meter. Op de earste dei fan de wrâldbeker-finalewedstriden yn Thialf ried de yn Snits wenjende Smeekens as iennichste ûnder de 35 sekonden. Mei 34,99 wûn er syn tredde WB-wedstriid. Ferline wykein wie Smekens twa kear de bêste yn Erfurt.
Tucker Fredericks waard twadde yn 35,01, Ronald Mulder tredde yn 35,24. De Amerikaan Fredericks is de nije lieder, Smeekens stiet tredde. Sneon is de twadde 500 meter