Boer twadde, Oenema achtste

12 mrt 2010 - 17:44

Margot Boer is by de wrâldbeker finalewedstriden op de 500 meter twadde wurden. Op it keunstiis fan Thialf wie de Dútse Jenny Wolf yn in rjochtstreeks duel krekt rapper as Boer. De tiden: 38,18 om 38,22. Wolf is al wis fan de wrâldbeker op de 500 meter, Boer stiet no tredde, mar hat noch kâns op it twadde plak yn de einstân.

Thijsje Oenema ried 39,03, goed foar it achtste plak. Yn de tuskenstân is se ek achtste. Sneon is de twadde rit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)