Yme Kuiper ferrast troch nijs

12 mrt 2010 - 16:41

Foar Hearrenfean-direkteur Yme Kuiper komt it nijs dat der in direksjefoarsitter komt as in ferrassing. Freed makke de foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen, Bart van der Meer, bekend dat der njonken de trije direksjeleden noch in foarsitter boppe de direksje komt. Dat moat in man wêze mei mear liederskip.

Hearrenfean draait op dit stuit min. De klup bongelet ûnderoan yn 'e earedidivyzje en soe sels degradearje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)