Fearboatkonflikt noch net oer

12 mrt 2010 - 16:32
  • De Stortemelk fan 'e EVT

Der is foar dit wykein noch gjin oplossing fan it konflikt tusken Rykswettersteat en de EVT yn sicht. De rykstsjinst slute dizze wike alle dagen it stek op 'e wâl yn Harns ôf. De Eigen Veerdienst Terschelling soe him net oan de fartiden hâlde.

It oerlis fan freedtemoarn hat neat opsmiten. Beide partijen prate yntern no oer mooglike oplossings foar it konflikt. Der is neffens Rykswettersteat noch gjin ferfolchôfspraak makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)