Kruidvat-aksje ek by Arriva

Goedkeape treinkaartsjes fan de Kruidvatwinkels binne dochs jildich yn it hiele lân. Earder melden regionale ferfiersbedriuwen lykas Arriva dat se de kaartsjes net mear akseptearje woene. De NS en de regionale ferfiersbedriuwen hawwe de saak útpraat. Dêrmei kin elk wer mei de koartingskaartsjes op 'e trein stappe.
De kaartsjes kostje 12,50 euro en dêrmei kin in dei lang troch it hiele lân mei de trein reizge wurde.