Parsekonferinsje Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean komt freed om healwei twaen op in parsekonferinsje mei nijs nei bûten. Wat krekt bekend makke wurdt, is net dúdlik. Sein wurdt dat it gean soe oer de posysje fan direkteur Yme Kuiper en oare funskjes binnen de klup. Belutsenen wolle dat net befestigje. De foarsitter fan de Rie fan kommissarissen, Bart van der Meer, is by de parsekonferinsje. SC Hearrenfean makket in min seizoen troch. De ploech stiet trettjinde yn 'e kompetysje.