Snits Wyt Swart wint

Logo VV Snits Wyt Swart © Omrop Fryslân
Snits Wyt Swart die yn de sneinshaadklasse goeie saken troch mei 3-1 fan Rigtersbleek te winnen. De Snitsers kamen yn de earste helte op in 1-0 achterstân. Robin Huisman de Jong makke yn de 23ste minút de lykmakker. Foar it skoft kaam Snits Wyt Swart op in 2-1 foarsprong troch in doelpunt fan Arvid Osinga. Ramon Giro Batalla soarge foar de 3-1 einstân.