Takenning Waadfûns ferromme

12 mrt 2010 - 12:07
  • Boareilân by It Amelân

It Waadfûns wurdt foar it earst ek iepensteld foar ekonomyske projekten. Fan 22 maart oant ein april kinne Fryske inisjatyfnimmers fan plannen om de Waadsee hinne in berop dwaan op de subsydzje fan it Ryk. Yn totaal is der 33 miljoen euro beskikber. It Ryk jout it jild as kompensaasje foar de gaswinning yn it Waadgebiet.

Der wiene earder ek al ynskriuwperioades foar it Waadfûns, mar dat jilde inkeld foar duorsume projekten en foar natuer en lânskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)