Fúzje sosjale wurkplakken

De sosjale wurkfoarsjennings Oostergo yn Dokkum en Trion yn Kollum smite mei yngong fan 1 jannewaris 2011 de lapen gear. De merk dêr't beide bedriuwen yn wurkje, stiet swier ûnder druk. Oostergo en Trion gean fierder as ien wurk- en learbedriuw foar subsidiearre arbeid yn Noardeast-Fryslân. De leden fan beide organisaasjes hawwe unanym ynstimd mei de fúzje.
It beslút wurdt meikoarten foarlein oan 'e gemeenterieden en de ûndernimmingsrieden.