Sintrumcross wike earder

De sintrumcross fan Surhústerfean wurdt op 21 desimber ferriden. Dat is mear as in wike earder as earst de bedoeling wie. It organisaasjekomitee hie de hurdfytswedstryd hâlde wollen op 30 desimber, mar hat dan tefolle konkurrinsje fan oare wedstriden.
Om dochs genôch dielnimmers te krijen wurdt de sintrumcross no foar de krystdagen ferriden. Yn dy wike binne der net in soad oare wedstriden.