It jongste Fryske riedslid

12 mrt 2010 - 10:18

It jongste Fryske riedslid is tongersdei ynstallearre. Lidewij Bergsma is achttjin jier en fjouwer moanne âld en sit no yn 'e ried fan Tytsjerksteradiel. Se stie op de list foar de VVD en waard mei foarkarstimmen yn 'e gemeenteried keazen. Se sit yn de sechde klas fan it Drachtster Lyceum en moat no de polityk mei skoalle kombinearje.

Lidewij Bergsma is krekt net it jongste riedslid fan Nederlân. Der binne twa krekt wat earder berne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)