Heien op it Saailân is dien

De bouput Saailân
It heien op it Saailân yn Ljouwert is hast dien. Dizze wike gean de lêste peallen de grûn yn. Der binne mei-inoar 700 heipeallen ynbrocht. It plein yn it sintrum fan Ljouwert wurdt folslein fernijd en der komt in nij Frysk Museum.
De bewenners fan 'e apparteminten boppe winkelsintrum Saailân en de ûndernimmers hawwe in blomke krige foar de oerlêst. Skiedend wethâlder Krol kaam sels del om de blommen oan 'e minsken te jaan.