Rocov siket OV-scouts

12 mrt 2010 - 09:46

Reizgersorganisaasje Rocov begjint nije wike in aksje om nije OV-scouts te winnen. Leden fan it Rocov diele dêrfoar moarns flyers út op de busstasjons fan Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten, Snits en Bûtenpost. In OV-scout is in bus- of treinreizger dy't notysjes makket oer hoe't de reis ferrint. It Rocov brûkt de ynformaasje yn 'e petearen mei de provinsje oer de kwaliteit fan it iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)