File troch autobrân A6
De A6 fan De Jouwer nei Emmeloord, ter hichte fan de ôfslach Bant (ôfrit 18), hat freedtemoarn betiid in oere ôfsletten west. Krekt nei sânen is der op dy dyk in auto yn de brân flein. De brânwacht waard ynskeakele om de brân te blussen.
It ferkear waard omlaat fia de op- en ôfrit fan de A6. Troch de brân ûnstie in file fan sa'n twa kilometer.