Scheweer hâldt op as wethâlder

11 mrt 2010 - 21:37

Meine Scheweer út Bontebok hâldt der nei hast tweintich jier mei op as wethâlder fan de gemeente Hearrenfean. Hy sil it kolleezje ferlitte as der in nij kolleezje is. Scheweer is de langstsittende wethâlder yn ien gemeente yn Fryslân.

Scheweer is lid fan it CDA. Dy hie ferline jier al besletten om gjin wethâlderskandidaat foar te dragen. It CDA helle by de ferkiezings fan 3 maart trije riedssitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)