Winst Jong Hearrenfean/Emmen

Jong Hearrenfean/Emmen hat tongersdei de wedstriid tsjin Jong Willem II mei 4-2 wûn. Op sportpark Skoatterwâld hie de thúsklup troch Pedro Beda in 1-0 foarsprong by it skoft. Hernan Losada makke yn it begjin fan de twadde helte de 2-0. De ploech út Tilburch kaam sterk werom en brocht de stân yn it lykwicht. Fuort nei de 2-2 makke Pawel Wojchiechowski de 3-2. Geert_Arend_Roorda makke krekt foar de ein de 4-2.
Jong H´fean/Emmen klimt nei it sânde plak mei 28 punten út 19 wedstriden.