Gjin jild foar nije Lawei

De fernijing fan De Lawei yn Drachten stiet faai. De gemeente Smellingerlân hat ynienen in gat fan 9 miljoen euro yn 'e begrutting fan 'e nijbou.
By skouboarch De Lawei soe ien grut kultureel sintrum komme mei ferskate ynstellings. Smellingerlân hie dan 9 miljoen euro subsydzje fan 'e provinsje krije moatten, mar dy lit witte it jild net jaan te wollen. It risiko dat it projekt úteinlik net trochgiet, is no tige grut.