SC Cambuur draait de knop om

SC Cambuur hat de knop nei it ferlies tsjin De Graafschap omdraaid. Neffens trainer Stanley Menzo moatte de Ljouwerters akeseptearje dat De Graafschap 'fuort' is. Cambuur libbet no fan wedstriid nei wedstriid en wol de maksimale skoare helje út de lêste wedstriden.
Freed is de thúswedstriid tsjin FC Dordrecht. Reza is skorst. Foar him spilet De Visscher. Danny Guijt stiet nei alle gedachten ek yn de basis. Hy ferfangt Paul Beekmans.