Kopstikken himphannel oppakt

11 mrt 2010 - 12:35

De plysje hat begjin dizze wike twa manlju oppakt foar de hannel yn himp yn Fryslân. It giet om 43-jierrige man út Twizelerheide en in 41-jierrige man út fan De Pein. It wie de plysje opfallen dat net wurken, mar wol in soad lúkse hiene.

De manlju binne oppakt troch in nij team fan 'e Fryske plysje. Dat rjochtet him op de kopstikken yn 'e himphannel. De lúkse saken fan beide manlju lykas djoere auto's binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)