Foarkarsbelied nekt plysjesjef

11 mrt 2010 - 12:23
  • Marc Jacobs doe't er noch by de plysje wurke
  • Jacobs by de presintaasje fan syn boek 'Het koepelmysterie'

It oerheidsbelied om mear froulju en allochtoanen op hege posten te krijen wie foar kopstik Marc Jacobs yn 2008 reden op te hâlden by de Fryske plysje. Jacobs wie nei in strange seleksje yn in groep kaam dy't úteinlik korpssjef wurde soene.

Mar safier kaam it net. Jacobs krige te hearren dat er it net oprêde soe tsjin froulju of allochtoanen. It belied skriuwt foar dat dy foargean. Hy koe dan net fierder trochgroeie. No skriuwt Jacobs misdieromans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)