Cartesius Ynstitút hâldt op

It Cartesius Ynstitút yn Ljouwert hâldt op te bestean. It bestjoer sjocht it finansjeel net mear sitten.
By Cartesius dogge wittenskippers promoasje-ûndersyk nei nije miljeuprodukten. Dy ûndersiken soene betelle wurde moatte troch it regionale bedriuwslibben, mar dat blykt dêr gjin ferlet fan te hawwen. Ald-wethâlder Bleize fan Ljouwert is sûnt 2008 algemien direkteur fan it ynstitút. Fierders sitte der twa fêste krêften en tritich ûndersikers.