Min rinnende Harnzer bestellen
De plysje is op syk nei in man dy't jild stellen hat fan in 78-jierrige ynwenner fan Harns. De dieder belle woansdei by de man oan en bea him jassen te keap oan. Doe't de Harnzer dêr ien fan betelje woe, skuorde de dieder him it jild út 'e beurs. Dêrnei naaide er út.
De Harnzer koe net achter de dieder oan omdat er net sa goed rinne kin.