Terpstra fernuvere oer kar CDA

Doekle Terpstra is fernuvere dat hy troch it CDA nei foaren ta skood is foar de foarriedige kandidatelist foar de Twadde Keamer. De Fries om utens fynt it in ear dat se him foardroegen ha mar jout oan dat hy der perfoarst net op sollisiteard hat.
Oare kandidaten dy't op de list steane binne Joop Atsma, Sander de Rouwe en Rendert Algra. Terpstra wol op it stuit noch gjin útspraken dwaan oer oft er wol of net nei de Twadde Keamer wol.