EVT hat noch gjin dúdlikheid

10 mrt 2010 - 17:16
  • Haantjes (EVT) praat mei Bogaert (RWS) yn Bûtenpost

It bliuwt foarearst ûndúdlik as it stek by de oanlishaven yn Harns tongersdei iepen giet foar de passazjiers fan de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT. Dat is de útkomst fan it petear woansdeitemiddei tusken de EVT en Rykswettersteat.

Sawol Rykswettersteat as de EVT ha lykwols noch goeie hoop dat der gau in oplossing komt. It distriktshaad fan Rykswettersteat oerleit noch yntern oer de mooglikheden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)